Feilichheidsregio Fryslân: "We hebben containersituatie redelijk onder controle"

07 jan 2019 - 06:24

Seis dagen nei't it Switserske kontenerskip MSC Zoe ferline wike woansdei by Borkum 281 konteners ferlear, komt der stadichoan mear tekening yn de gefolgen fan de ramp. Dit wykein stutsen frijwilligers en it leger massaal de hannen út de mouwen om de kusten en de strannen op te romjen. "We hebben de situatie redelijk onder controle", seit Rutger de Groot van de Feilichheidsregio Fryslân. Mar it ein is noch net yn sicht.

Foto: Kustwacht Nederland

De grutskalige opromaksje fan de ôfrûne dagen liket aardich slagge. Op en by de Ofslútdyk en yn de noardeastlike hoeke fan de provinsje leit lykwols noch altyd rommel út de konteners. Dochs bliuwe der soargen. Noch net alle konteners binne weromfûn en der wurdt de kommende dagen boppedat rûch waar ferwachte.

"Voor nu hebben we het heel goed onder controle", fertelt De Groot. "Maar het is afwachten wat de storm de komende dagen en zelfs weken gaat brengen. De containers liggen nu nog op zee en we hebben geen idee wat er mee gebeurt. Voor hetzelfde geld breken ze open en zijn we nog weken bezig met nieuwe spullen die aanspoelen. We gaan van dag tot dag bekijken wat nodig is."

Lettere soarch

Hoe grut binne de soargen oer de stoarm fan moarn? De Groot: "Dat is koffiedik kijken. We gaan in ieder geval uit van hoog water en zware windstoten. We houden ons nu vooral bezig met de gevolgen van deze incidenten. We zijn druk bezig met schoonmaken en zorgen dat het schoon blijft. De eventuele vervolging voor de schade is voor latere zorg."

Rutger de Groot fan de Feilichheidsregio

(Advertinsje)
(Advertinsje)