Soad Friezen yn seleksje foar EK Shorttrack

De seleksjekommisje fan it reedrydbûn KNSB hat sneintejûn bekend makke hokker shorttrackers der yn de seleksje sitte foar it EK shorttrack. Dat EK fynt kommend wykein plak yn Dordrecht.
© Orange-pictures.nl

In soad Friezen yn de seleksje

By de manlju binne de Nederlânsk kampioen Daan Breeuwsma fan Akkrum, Ithzak de Laat fan Ljouwert en Dylan Hoogerwerf selektearre foar de yndividuele ûnderdielen. Foar de relay binne ek Jasper Brunsmann fan Twellingea en Dennis Visser fan De Lemmer yn de seleksje opnaam.
By de froulju ride Suzanne Schulting, Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof it yndividuele toernoai. Rianne de Vries fan Akkrum en Tineke den Dulk út Ljouwert gean mei foar de relayploech.
De seleksje foar it EK is makke nei oanlieding fan it NK Shorttrack, dat ôfrûne wykein hâlden waard yn Thialf, en de útslaggen fan de earste trije wedstriden yn de wrâldbeker.
It EK Shorttrack sil plakfine fan 11 oantemei 13 jannewaris yn Dordrecht.
11 jannewaris: foarrondes
12 jannewaris: finales 500 & 1500 meter, heale finales relay
13 jannewaris: finales 1000 meter, superfinale, finales relay