Boargerinisjatyf bringt helpaksjes kontenerramp yn kaart

Om't de ryksoerheid de kontenerramp op de Noardsee net ta nasjonale ramp útropt binne in tal belutsen boargers in inisjatyf begûn om in bettere koördinaasje en kommunikaasje ta stân te bringen by de himmelaksjes. Neffens de inisjatyfnimmers ûntbrekt it dêr oant no ta folslein oan. "Het Waddengebied is per slot van rekening van ons allemaal", stelt Ina Strating, inisjatyfnimster fan Helpwad.
De groep efter Helpwad bestiet út fiif minsken. Ina: "We zijn allemaal professionals in de crisiscommunicatie, dus we weten hoe het werkt online." Sa is der bygelyks yn GoogleMaps boppesteand kaartsje makke. Yn dizze kaart binne alle himmelaksjes te finen dy't organisearre wurde. Ina: "We willen vraag en aanbod aan elkaar koppelen. We hebben een twitter, facebook en instagram account opgezet. Onder de naam Helpwad proberen we mensen te sturen naar gebieden waar nog troep ligt. We merken dat het werkt."

Sosjale media

Fia de hashtag #Helpwad kinne belutsen boargers fia Twitter, Facebook en Instagram fine wêr't noch smoargens leit en wêr't se helpe kinne. De inisjatyfnimmers krije in soad positive reaksjes, fernimt Ina. "We krijgen veel bedankjes en pluimjes. Dat is heel fijn om te merken. We zijn er met z'n vijven fulltime mee bezig. Wil je ook meewerken, dan kun je je aanmelden. We verwachten dat we hier de komende weken nog wel mee zoet zijn."

Gearwurking mei oerheden

De inisjatyfnimmers wurkje by harren wurk nau gear mei alle oerheidsynstânsjes en oare organisaasjes dy't oer ynformaasje oer de ramp beskikke. Oant no ta is dat benammen op lokaal en regionaal nivo. Dat wurket hiel faak sa, wit Ina. "Het is gebruikelijk dat de nationale overheid eerst afwacht of de regionale overheden het zelf af kunnen. Het is een ramp, maar zolang de hulpdiensten het zelf aan kunnen is het belangrijk om het lokaal en regionaal te organiseren."
Ina Strating fan Helpwad
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.