Stroetinga en Havik winne koppelkoers by Zesdaagse van Rotterdam

06 jan 2019 - 18:55

Wim Stroetinga en Yoeri Havik ha sneintemiddei de koppelkoers by de Zesdaagse van Rotterdan wûn. It duo sette fjouwer oare koppels op in ronde efterstân.

Argyffoto mei Yoeri Havik en Wim Stroetinga - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn it algemien klassemint stean Stroetinga en Havik nei fjouwer dagen no fjirde. It Deenske duo Hansen/Hester giet oan de lieding, mei dêrefter Van Schip en Steels.

(advertinsje)
(advertinsje)