Daan Breeuwsma: "De titel prolongearre op myn âlde dei is wol moai"

06 jan 2019 - 18:34

Daan Breeuwsma is sneintemiddei foar de twadde kear Nederlânsk kampioen shorttrack wurden. De man út Akkrum wûn op it iis fan Thialf foar Itzhak de Laat fan Ljouwert (twadde). Sven Roes út Gytsjerk waard ferrassend tredde. Troch de winst is Breeuwsma der wis fan dat hy takom wike meidocht oan it EK shorttrack yn Dordrecht.

Daan Breeuwsma nei syn Nederlânske titel

Breeuwsma wint twa ôfstannen

Breeuwsma wûn snein de 1500 meter, mar gie op de 500 meter ûnderút. Dy ôfstân waard wûn troch Jasper Brunsmann, foar Itzhak de Laat. De Laat wie de grutste konkurrint foar Breeuwsma yn it algemien klassemint.

Alle finales fan it NK Shorttrack binne hjir werom te finen.

Itzhak de Laat nei it NK Shorttrack

Op de 1000 meter makke Breeuwsma dúdlik dat hy de bêste wie troch dy ôfstân ek op syn namme te skriuwen, foar De Laat.

Yn de superfinale oer 3000 meter wie Sven Roes de rapste, wêrtroch hy it tredde plak yn it klassemint pakte.

Sven Roes oer syn tredde plak

Van Ruijven pakt de titel by de froulju

By de froulju gie de winst nei Lara van Ruijven. Suzanne Schulting wie snein de grutte favoryt yn Thialf, mar gie op de 500 en de 1000 meter ûnderút. Se wie snein noch goed begûn, troch de winst te pakken op de 1500 meter. Dêrnei gie it twa kear mis. Dêrtroch ferspile se in soad punten foar it einklassemint.

Suzanne Schulting oer har NK

De 26-jierrige Van Ruijven wie yn 2015 alris Nederlânsk kampioen shorttrack. Se wûn de 500 meter en pakte dêrmei de lieding yn it klassemint. Troch ek de winst op de 1000 meter te pakken, en de fal fan Schulting, waard de foarsprong allinnich mar grutter.

Schulting wie noch wol de bêste yn de ôfslutende superfinale. Foar Rianne de Vries fan Akkrum wie it in teloarstellend wykein, sy waard fiifde yn it algemien klassemint.

Rianne de Vries nei in teloarstellend NK

EK Shorttrack yn Dordrecht

Takom wykein is it EK shorttrack yn Dordrecht. De kommende dagen sil dúdlik wurde hokker shorttrackers dêr oan meidwaan meie. Breeuwsma en Van Ruijven binne troch har Nederlânske titel wis fan in startbewiis. Ek Suzanne Schulting mei har nei alle gedachten opmeitsje foar it EK. De offisjele bekendmakking folget de kommende dagen.

Bûnscoach Jeroen Otter nei it NK Shorttrack

(Advertinsje)
(Advertinsje)