Cambuur ferliest oefenwedstriid tsjin KV Mechelen

06 jan 2019 - 18:11

Sportklup Cambuur hat sneintemiddei in oefenwedstriid tsjin KV Mechelen ferlern. De Belgen wiene mei 2-0 te sterk foar de Ljouwerters. De wedstriid waard spile yn it Spaanske Olivia, dêr't Cambuur yn de omkriten op trainingskamp is.

Cambuur begûn goed oan it duel. Yn it begjin fan de wedstriid wiene de Ljouwerters in pear kear gefaarlik, mar ûnder oare Nigel Robertha slagge der net yn in doelpunt te meitsjen. Dêrnei waard Mechelen sterker. Krekt foar it skoft wie it dan ek Gustav Engvall dy't de Belgen op 1-0 sette.

Yn de twadde helte spile Cambuur mei alve nije spilers. Kevin Jansen, dy't sneintemiddei oanlutsen waard troch de Ljouwerters, makke sa syn debút. Nei in lyts oerke fuotbal waard it 2-0 foar Mechelen. Togui mocht in penalty nimme nei in oertrêding op De Camargo.

(advertinsje)
(advertinsje)