Rykswettersteat lokalisearret 220 konteners yn Noardsee

Sonarboaten fan Rykswettersteat hawwe boppe de Waadeilannen 220 konteners lokalisearre. Dat ha se dien mei in eigen skip, en twa skippen fan reder MSC.
© Kustwacht Nederland
De konteners lizze yn de Noardsee yn it gebiet boppe Skylge oant en mei it gebiet boppe Skiermûntseach. Mei de tweintich konteners dy't oanspield binne is no fan hast alle konteners bekend wêr't se bedarre binne.
De kommende tiid moat útsocht wurde hoe't de konteners, dy't no fûn binne, út it wetter helle wurde moatte.