Oprommers Skier hawwe wikseljend sukses

06 jan 2019 - 15:21

De frijwilligers dy't sneon meidiene oan it opromjen fan it oanspielde smoargens op Skiermûntseach hiene wikseljend sukses. Dat blykt út harren ferhalen op de boat werom nei de wâl.

Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

Pûden fol guod

Ferskate fan harren slaggen der net yn om by de plakken te kommen dêr't noch in soad opromme wurde moast. Foar in soad wie dat te fier rinnen en der wiene net genôch trekkers om harren der hinne te bringen.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer wie ek op Skier

Dejingen dy't wol sa fier kamen, makken yn in pear oeren grutte parten fan it strân ôffalfrij. Ek kamen se meast werom mei in pûde fol guod dat mei nei hûs gong sa as rêchsekjes, barkrukjes, boartersguod, klean en skuon.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Bang foar plestik

Sûnder útsûndering meitsje de skjinmakkers harren soargen oer it ferskriklik grutte tal lytse stikjes plestik en pypskom dy't hast net op te rêden binne en opfretten wurde troch fisken en fûgels. Se binne bang dat it eilân en de natuer derom hinne noch jierren lêst hawwe sil fan dizze rotsoai.

Ferskate oprommers binne fan plan om de kommende tiid nochris nei it eilân ôf te reizgjen. Neffens ien fan harren moatte alle besikers fan Skier de kommende tiid in ôffalsek meinimme as se nei it strân geane om te kuierjen.

(advertinsje)
(advertinsje)