Bobslider Dennis Veenker einiget as fjirtjinde yn Altenberg

06 jan 2019 - 14:59

De Nederlânske fjouwermansbob, mei remmer Dennis Veenker fan It Hearrenfean, is by de wrâldbekerwedstriden yn Altenberg fjirtjinde wurden. Sneon waard Nederlân noch sânde yn de twamansbob.

Foto: Viesturs Lācis | IBSF

Veenker siet yn de fjouwermansbob mei piloat Ivo de Bruin en remmers Joost Dumas en Janko Franjic. Yn de earste run waarden se sechstjinde, de twadde run waard ôfsluten mei in tolfde plak. Op it poadium stiene twa Dútske teams, Letlân waard twadde.

Trefwurden: 
Dennis Veenker bobslydzjen
(advertinsje)
(advertinsje)