Feilichheidsregio ropt frijwilligers op om thús te bliuwen fanwege stoarm

06 jan 2019 - 13:55

Feilichheidsregio Fryslân advisearret minsken om fan moandeitemiddei ôf net mear nei it Waadgebiet te kommen. Minsken dy't helpe wolle mei opromje, wurdt frege om thús te bliuwen. Der wurdt nammentlik stoarm ferwachte.

Benammen op tiisdei sil it hurd waaie. Oan see wurdt wynkrêft 7 of 8 ferwachte en op it Waad wynkrêft 9.

Spesjalisearre bedriuwen gean fierder mei it oprêden fan it strân, salang't it waar dat talit. Wierskynlik kinne minsken woansdei wol wer gewoan nei de eilannen en de kust komme om te helpen. Nei de stoarm sil de Feilichheidsregio wer ynspeksjeflechten útfiere boppe it gebiet en sil dan ek wer mei in sonarboat op in paad.

(Advertinsje)
(Advertinsje)