Nijste oanwinst Cambuur: middenfjilder Kevin Jansen
Fuotbalklup Cambuur hat nije fersterking foar yn it middenfjild. De 26-jierrige Kevin Jansen sil him per direkt oanslute by de seleksje fan René Hake. Hy hat syn hantekening setten ûnder in kontrakt foar de rest fan it seizoen. Hy komt oer fan N.E.C. Nijmegen.
Jansen beskikt nettsjinsteande syn jonge leeftiid oer in soad ûnderfining. Sa spile hy al goed 120 wedstriden yn de earedifyzje foar Excelsior en ADO Den Haag. "Kevin beschikt over veel ervaring en is een echte verbindingsspeler tussen de verdediging en de aanval. Dat is precies het type speler dat we zochten", seit technysk manager Foeke Booy.