Wopke is in 'hoarder': "Ik kin it allegear noch brûke"

06 jan 2019 - 12:26

By de gemeente en oare ynstânsjes stiet Wopke bekend as in 'hoarder', in man dy't twangmjittich guod sammelet en dêr net ôfstân fan dwaan kin. It gefolch is dat it hûs en hiem fol stiet en dat der hast gjin romte mear is om te wenjen. Dat kin gefaarlike situaasjes opleverje, dêrom is Limor ynskeakele. Limor is in helpynstânsje foar minsken dy't fêstrinne yn it libben.

Jeanet Regnerus - Foto: Priveefoto

Jeanet Regnerus fan Limor komt geregeld by Wopke. Se praat mei him en besiket om tegearre mei him dochs wat romte te meitsjen. Sa ha se tegearre in skoft lyn de sliepkeamer opromme. Der is in nij matras oantúgd en in kast dêr't de klean yn kinne. Op foto's lit se Wopke sjen hoe't it wie.

Underwilens stean der doazen yn de sliepkeamer en hat Wopke in âld matras óp it nije matras lein.

Ik ha gjin oardiel.

Jeanet Regnerus fan helpferliener Limor

"Ik ha gjin oardiel", seit Jeanet oer har kliïnten. "Ik wol harren ferhaal hearre. It binne faak prachtige minsken dy't moaie ferhalen ha. Ik neam se paradysfûgels."

De helpferliening giet hiel stadich en is derop rjochte dat minsken troch kinne mei har libben. Somtiden is dat yn in oare wenning, omdat de situaasje te earnstich is. Oare kearen kin de kliïnt wenjen bliuwe yn it hûs en helpt Limor de wenning bewenber te krijen.

In reportaazje van Buro de Vries oer hoarding

Fersteuring

Hoarding is in fersteuring dy't sûnt 2013 offisjeel erkend is. Hoarders kinne net genêze, seit psycholooch Irma van Steijn, dy't dizze minsken wol yn de praktyk hat. It is wol mooglik om se te helpen, mar dat moat hiel foarsichtich en mei in soad geduld. De begelieding moat der neffens har op rjochte wêze om kontrôle te krijen oer de fersteuring.

Dat minsken 'hoarde', kin hiel ferskillende oarsaken hawwe. Faak binne it kombinaasjes fan redenen en hast altyd yn de kontekst fan iensumens. Sa komt in fersteuring yn it autistysk spektrum faak foar by hoarders.

"Wopke" woe net mei de achternamme en syn wenplak yn de media.

(Advertinsje)
(Advertinsje)