Daan Breeuwsma en Lara van Ruijven pakke Nederlânske titel shorttrack

06 jan 2019 - 16:12

Daan Breeuwsma en Lara van Ruijven ha sneintemiddei yn Thialf de Nederlânske titel shorttrack wûn. Sjoch hjirûnder alle finales fan it toernoai werom.

16:31
Daan Breeuwsma is Nederlânsk kampioen shorttrack by de manlju

  1. Daan Breeuwsma
  2. Itzhak de Laat
  3. Sven Roes
16:21
Lara van Ruijven is Nederlânsk kampioen shorttrack by de froulju

Suzanne Schulting wint de superfinale, en komt dêrmei op it twadde plak op it poadium. Lara van Ruijven wurdt Nederlânsk kampioen.

  1. Lara van Ruijven
  2. Suzanne Schulting
  3. Selma Poutsma
15:50

  1. Daan Breeuwsma
  2. Itzhak de Laat
  3. Sven Roes
15:38
Finale 1000 meter froulju

  1. Lara van Ruijven
  2. Selma Poutsma
  3. Xandra Velzeboer
14:37
Finale manlju 500 meter

  1. Jasper Brunsmann
  2. Itzhak de Laat
  3. Daan Breeuwsma
14:30
Finale froulju 500 meter

  1. Lara van Ruijven
  2. Yara van Kerkhof
  3. Selma Poutsma
13:18
Finale manlju 1.500 meter

  1. Daan Breeuwsma
  2. Itzhak de Laat
  3. Dylan Hoogerwerf
13:04
Finale froulju 1.500 meter

  1. Suzanne Schulting
  2. Selma Poutsma
  3. Lara van Ruijven
12:24
It skema

Skema NK Shorttrack snein

Tiid Wa? Ofstân
13:00 oere Froulju 1500 meter
13:13 oere Manlju 1500 meter
13:51 oere Froulju en manlju 500 meter
15:03 oere Froulju en manlju 1000 meter
16:26 oere Froulju 3000 meter
16:37 oere Manlju 3000 meter

Manlju

Ien ding is wis: Sjinkie Knegt wurdt net de nije Nederlânsk kampioen. Hy rekke blessearre troch in ûngelok mei in heftruck. Wol skoot hy sa no en dan oan as ko-kommentator.

Ferline waard Daan Breeuwsma fan Akkrum foar it earst Nederlânsk kampioen. Hy is no wer favoryt, mar hat konkurrinsje fan de Ljouwerter Itzhak de Laat. En wat kin it talint Jasper Brunsmann fan Twellingea? Of is Dennis Visser fan De Lemmer in outsider?

Froulju

By de froulju wûn ferline jier Yara van Kerkhof. Suzanne Schulting wie doe siik, mar is no de absolute favoryt. De no 21-jierrige Schulting wûn yn 2017 it NK en sil yn tarieding op it EK har foarm sjen litte wolle. Van Kerkhof is de grutste konkurrint, mar ek Rianne de Vries fan Akkrum en Lara van Ruijven binne kânshawwers.

Trefwurden: 
NK shorttrack
(advertinsje)
(advertinsje)