Onderzoeksraad voor Veiligheid reizget ôf nei Bremerhaven

06 jan 2019 - 10:22

De Onderzoeksraad voor Veiligheid is ôfreizge nei Bremerhaven foar in ferkennend ûndersyk nei it oerboard slaan fan de konteners fan MSC Zoe. Dat meldt de ried sneintemoarn. It skip lei nei it ferliezen fan de 277 konteners oan yn Bremerhaven.

MSC Zoe leit yn Bremerhaven - Foto: Haveriekommando

De ried is alfêst yn Bremerhaven om de situaasje te analysearjen en om mei de kapitein en minsken oan board te praten. Op basis fan de earste ferkenning folget yn de rin fan de kommende wike in beslút oer oft dit in ûndersyk is foar de OvV of foar de Dútske kollega's. "Dat ligt er onder meer aan waar ze de containers zijn verloren op zee: in Duitse of Nederlandse wateren'', seit de wurdfierder fan de ried.

(Advertinsje)
(Advertinsje)