Minister Van Nieuwenhuizen seit besite oan Skiermûntseach ôf

Minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat soe sneintemiddei in besite bringe oan Skiermûntseach. Dat soe se dwaan om't se mei eigen eagen sjen woe wat der dien wurdt om it strân skin te krijen. Se hat har besite oan it eilân lykwols ôfsein.
© ANP
Har wurdfierder meldt dat de minister siik is en dêrom net komme kin. Wannear't Van Nieuwenhuizen dan wol delkomme sil, is noch net bekend.