Kontenerskippen lykje hieltyd mear de grinzen op te sykjen

06 jan 2019 - 08:36

Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris ferlear kontenerskip MSC Zoe 277 konteners. It grutste part dêrfan dobberet op it stuit noch op see of is sonken. Wat der krekt bard is, is noch net dúdlik, mar dat it flink misgien is wol. Kontenerskippen lykje hieltyd mear de grinzen op te sykjen. Se binne yn de ôfrûne jierren allinnich mar grutter en grutter wurden.

kontenerskip MSC Zoe - Foto: Wikimedia Commons

Dat der sa'n soad konteners yn ien kear fan board falle, is útsûnderlik. Dochs sil dit foarfal de sektor net wekker skodzje. Pas at soksoarte ynsidinten faker foarkomme, sil der wat feroarje, fertelt havenekonoom Bart Kuipers fan de Erasmus Universiteit Rotterdam.

It kin sa wêze dat de konteners net goed fêstsetten binne, doe't it skip ôfsette út Portugal. Mar Kuipers slút ek net út dat de lingte fan MSC Zoe in rol spile hat. It skip is 395 meter lang. Hy ferliket it mei de Erasmusbrêge yn Rotterdam, dy't begûn te triljen troch de wyn, trochdat bewegings net goed ôffierd wurde koene. Mooglik barde dat ek by MSC Zoe.

Baas boppe baas

It skip kin mear as 19.000 konteners ferfiere. It wie by oplevering yn 2015 it grutste kontenerskip fan de wrâld. Dat rekôr waard al yn 2017 ferbrutsen en yntusken binne der skippen dy't plak hawwe foar mear as 21.400 konteners. MSC is al dwaande mei nije skippen dy't dat oantal wer oertreffe kinne.

Jild

Dat de kontenerskippen hieltyd grutter wurde, hat foar in part te krijen mei jild. Mear konteners betsjut mear jild. Mear konteners betsjut legere kosten foar de reder. Boppedat ferbrûke gruttere skippen minder brânstof de kontener. Mar dan moatte dy megaskippen wol follâden wêze en dat slagget net altyd. Kuipers: "De rationaliteit bij de bestelling van schepen is soms ver te zoeken. Anders gezegd: het is een wedstrijdje ver-plassen van directeuren die niet achter willen blijven."

(Advertinsje)
(Advertinsje)