LIVEBLOG: Wat bringt de stoarm fan tiisdei it Waadgebiet?

06 jan 2019 - 17:00

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei 281 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske waadeilannen ta dreaun. Yn de rin fan woansdei binne der al sa'n 20 konteners op Skylge, Flylân, It Amelân en Skiermûntseach oanspield. Op tongersdei waard der foaral oprêden troch frijwilligers en freedtemoarn binne der militêren nei Skiermûntseach kaam. Op sneon stapten ier en betiid alwer frijwilligers op de boat om harren stientsje by te dragen.

20:45
Ein fan dit liveblog

Dei 5 fan de kontenerramp is foarby en wy slute dit liveblog ôf. Op alle strannen, seediken en op it wetter yn it Waadgebiet is snein de hiele dei wer mei man en macht wurke om de boel op te rêden.

Op Skiermûntseach binne de militêren útswaaid, Rykswettersteat hat goed 220 konteners lokalisearre en eltsenien is yn ôfwachting wat de stoarm fan tiisdei betsjut foar it Waadgebiet.

Jim kinne moandei wer de lêste stân fan saken folgje by Omrop Fryslân. Foar no allegear tige tank foar it folgjen!

19:11
Noch 41 konteners poater

Der binne yn totaal 281 konteners oerboard slein fan de MSC Zoe. Dêrfan binne der 18 oantroffen op de Fryske Waadeilannen. 222 konteners binne lokalisearre op de boaiem fan de Noardsee. Dat betsjut dat der noch 41 konteners poater binne.

17:38
Deade seehûn oantroffen
Op ferskate plakken binne deade seehûnen fûn, lykas hjir yn de haven fan Harns. - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer
17:19
220 konteners ha mear as 8.000 m3 ynhâld

Meielkoar opteld leit der hast 8500 m3 oan guod op de seeboaiem fan de Noardsee. Ien container is 6,10 meter lang, 2,44 meter breed en hat in hichte fan 2,59 meter. Dermei hat elke kontainer in ynhâld fan sa'n 38 kubike meter.

16:34
Rykswettersteat hat yntusken 220 konteners lokalisearre
(Advertinsje)
(Advertinsje)