Trije mannen brekke yn en pike út mei auto

06 jan 2019 - 07:42

Yn Ljouwert hawwe trije manlju freedtejûn ynbrutsen yn in wenning oan de Potgieterstrjitte. Dêrby namen sy ûnder oare pinpassen mei. Ek naaiden sy út mei de auto fan de bewenners.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

De plysje seach dat der yn Hoogezand yn Grins pind wie mei in stellen pas, wêrnei't de kollega's yn dat plak warskôge waarden. Dy troffen de auto oan en pakten de trije ynsitters op. It gie om twa Ljouwerters fan 20 en 24 en in 20-jierrige man fan Hoogezand.

De auto is yn beslach naam en de fertochten binne fêstsetten foar fierder ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)