UNIS Flyers wint fan Microz Eaters

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha sneontejûn mei 4-2 wûn. De Flyers pakten betiid yn de wedstriid in foarsprong dy't se krekt fêsthâlde koene. It wie foar de Flyers alwer de tsiende oerwinning út alve wedstriden yn de BeNe League.
Adam Bezak © www.orange-pictures.nl

Flyers sterk yn de earste perioade

Yn de earste perioade wiene de Flyers de baas op it iis fan Ljouwert. Al nei fiif minuten pakten se in foarsprong troch in goal fan Ronald Wurm. Tsien minuten letter waard it ek noch 2-0 troch in goal fan Adam Bezak.

Eaters komme werom yn de wedstriid

Doe't de twadde perioade noch gjin trije minuten ûnderweis wie lei de puck der alwer yn. Tony Demelinne joech de assist op Den Edel, dy't der 3-0 fan makke. Dêrnei kaam ek de ploech út Limboarch op it skoareboerd troch in goal fan Bartak.
Den Edel moast dêrnei nei de strafbank, en de Eaters drukten troch. Marx makke der 3-2 fan.

Eaters besiket it, mar skoart net mear

De druk waard opfierd troch de Eaters yn de tredde perioade, mar de Flyers koene harren lytse foarsprong fêsthâlde. Yn de lêste minút hellen de Eaters harren keeper fan it iis. Dat soarge derfoar dat Hoekstra der 4-2 fan meitsje koe.
Freedtejûn pakten de Flyers ek al in oerwinning yn de BeNe League tsjin HIJS Hokij.