Aris yn eigen hûs te sterk foar direkte konkurrint Feyenoord

05 jan 2019 - 21:58

Aris Leeuwarden hat sneontejûn in belangryke oerwinning behelle op Feyenoord Rotterdam. De Ljouwerter basketballers wiene yn it Kealledykje mei 90-79 te sterk foar de Rotterdammers. Nick Masterson wie mei 31 punten de grutte man by Aris.

Craig Osaikhwuwuomwan - Foto: www.orange-pictures.nl

Goed begjin

De thúsploech kaam hiel goed út de startblokken. Binnen inkelde minuten wie it 10-2 foar de Ljouwerters. De Rotterdammers wienen dêr lykwols net fan ûnder de yndruk. In goeie twadde faze yn it earste kwart besoarge Feyenoord nammentlik de foarsprong: 19-26.

Yn it twadde kwart krige Aris wer wat mear grip op de besikers. De ploech fan coach Tony van den Bosch wûn it kwart mei 17-14 en dat betsjutte dat de spilers mei in stân fan 36-40 de klaaikeamers yn giene.

Nei it skoft

Wêr Aris oan it begjin fan de wedstriid sa goed út de startblokken kaam, wie dat nei it skoft net sa. De Rotterdammers brochten de stân healwei it tredde kwart op 49-60. Troch ûnder mear fiif punten fan David Michaels kamen de Ljouwerters wer werom ta 58-62. It tredde kwart krige hjirmei dus gjin winner.

Ek yn it fjirde kwart giene beide ploegen lyk op. De thúsploech begûn wat better en dus kaam mei noch 6.16 op de klok in likense stân op it skoareboerd: 68-68.

Diskwalifisearjende fout

Net folle letter krige Feyenoord noch in klap te ferwurkjen. Mei noch 5:27 te spyljen waard topscorer Trevor Setty it fjild ôfstjoerd mei in diskwalifisearjende fout troch in klap yn de rjochting fan Michaels.

Goed slot

De earste foarsprong foar Aris sûnt it earste kwart kaam mei noch 4:18 op de klok op it boerd troch in trijepunter fan Masterson: 76-73. De Ljouwerters waarden dernei hieltyd better en dus koe de foarsprong útwreide wurde. Mei noch oardel minút oer wie de oerwinning foar Aris al sawat wis: 86-75. De einstân wie úteinlik 90-79.

Troch de oerwinning bliuwe de Ljouwerters op it sechsde plak yn de Dutch Basketball League. Aris hat no tsien punten út santjin wedstriden. Twa mear as Rotterdam en likefolle as de Den Helder Suns.

(advertinsje)
(advertinsje)