Minister Van Nieuwenhuizen komt snein nei Skiermûntseach

Minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat sil sneintemiddei in besite bringe oan Skiermûntseach. Dat docht se om't se mei eigen eagen sjen wol wat der dien wurdt om it strân skjin te krijen.
© Omrop Fryslân, Alle Faber
"Ze wil praten met de mensen die zo hard aan het werk zijn', seit har wurdfierder. "De minister is nauw betrokken bij dit verhaal." De minister sil sjen by frijwilligers en de militêren dy't oan it wurk binne op Skiermûntseach.

Gjin ferlet fan nije frijwilligers

Sneontejûn melde de gemeente Skiermûntseach noch dat der foar snein gjin nije frijwilligers nedich binne. Oant no ta is der ûngefear 220 ton ôffal ophelle op Skiermûntseach. De gemeente is bliid mei de help fan alle frijwilligers en it leger. "Deze samenwerking is hartverwarmend om te zien, een mooi voorbeeld van gemeenschapszin," sa lit boargemaster Ineke van Gent witte.