Hoolwerf wint njoggende KPN Maraton Cup, Bergsma giet ûnderút

05 jan 2019 - 21:40

De njoggende wedstriid yn de KPN Maraton Cup by de manlju is sneontejûn wûn troch Bart Hoolwerf. Nei in tige spannende wedstriid oer 125 ronden wie hy de rapste fan in lytse kopgroep. Jorrit Bergsma makke ek ûnderdiel út fan dy kopgroep, mar hy gie mei noch tsien ronden te gean ûnderút.

Foto: Tims Imaging

Ronde foarsprong foar grutte kopgroep

Nei 40 ronden waard de earste slach makke. In groep fan tolve man pakte, nei in flinke striid, in ronde foarsprong. By de koprinners ûnder oare Nederlânsk kampioen Arjan Stroetinga, de Belch Bart Swings, Ingmar Berga, Crispijn Ariëns en Peter Michael út Nij-Seelân.

Jorrit Bergsma seach it gefaar en sprong nei de kopgroep ta. Ek Sjoerd den Hertog slagge dêr, mei de help fan in ploechgenoat, yn.

Ekstra ronde foar fjouwer man

Yn de ronden dêrnei besochten in soad manlju ek om in ronde foarsprong te pakken. Dat slagge mei noch tritich ronden te gean úteinlik Jouke Hoogeveen, mar tagelyk pakten Jorrit Bergsma, Mats Stoltenborg, Bart Hoolwerf en Peter Michael in twadde ronde foarsprong.

Bergsma ûnderút

Mei noch tsien ronden te gean moast it peloton ôfsprinte foar it fyftjinde plak. Yn de gaos fan de sprint gie Jorrit Bergsma ûnderút yn de bocht. Dêrmei wiene der noch mar trije manlju oer dy't de oerwinning pakke koene.

Yn de einsprint wie Bart Hoolwerf de rapste, foar Mats Stoltenborg en Peter Michael.

Kamminga twadde by de froulju

By de froulju wûn Irene Schouten. Sy wie yn de massasprint nei 80 ronden rapper as Manon Kamminga fan It Hearrenfean en Imke Vormeer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)