Gemeente: "Kom snein net nei Skiermûntseach"

05 jan 2019 - 20:09

"Kom snein net nei Skiermûntseach ta", sa lit de gemeente sneontejûn witte. It eilân is foarearst opromme en der is gjin ekstra help nedich. Wol ferwachtet de gemeente dat der de kommende dagen en moannen noch genôch skjin te meitsjen is. As it nedich is, docht de gemeente dan ek graach wer in berop op alle frijwilligers.

Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

Oant no ta is der san 220 ton ôffal ophelle op Skiermûntseach. De gemeente is bliid mei de help fan alle frijwilligers en it leger. "Deze samenwerking is hartverwarmend om te zien, een mooi voorbeeld van gemeenschapszin," sa lit boargemaster Ineke van Gent witte.

Leger bliuwt noch efkes

It leger bliuwt noch oant snein op it eilân. It strân is op dit stuit wol opromme, mar dat betsjut net dat it ek skjin is. Boargemaster Van Gent warskôget mei klam foar de lytse stikjes plestik dy't oeral lizze: "Er liggen nog heel veel kleine stukken plastic en piepschuim onder het zand en in de duinen. Dit verborgen plastic is een ecologische ramp en moet zo spoedig mogelijk worden aangepakt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)