Manon Kamminga twadde by njoggende KPN Maraton Cup

05 jan 2019 - 20:04

De njoggende wedstriid om de KPN Maraton Cup is sneontejûn wûn troch Irene Schouten. De Nederlânsk kampioen wie yn de massasprint nei tachtich ronden rapper as Manon Kamminga fan It Hearrenfean. Imke Vormeer wie tredde yn Tilburg.

Irene Schouten wint yn Tilburg - Foto: Neeke Smit

Yn de earste fjirtich ronden besochten in soad ploegen om fuort te riden út it peloton. Sa no en dan gie der ek in lyts groepke fan tusken, mar in échte foarsprong siet der net yn foar dy froulju. Fan dat momint ôf kontrolearren de sprintersploegen yn it peloton de wedstriid.

Yn de massasprint wie Irene Schouten de grutte favoryt, en dat makke de rydster út de ploech fan Jillert Anema wier. Achter Schouten wie it Kamminga dy't it twadde plak pakte, foar Imke Vormeer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)