Gjin ferrassingen by foarrondes NK shorttrack

05 jan 2019 - 16:51

De foarrondes op it Nederlânsk kampioenskip shorttrack hawwe gjin grutte ferrassingen opsmiten. De Fryske riders fan de nasjonale seleksje pleatsten harren probleemleas foar de finales fan snein.

500 meter

Op de 500 meter waarden de kwartfinales ferriden. Yn totaal pleatsten seis froulju har foar de heale finales fan snein. Under harren ek Suzanne Schulting en Rianne de Vries. Tineke den Dulk fan Ljouwert en Anne Floor Otter fan It Hearrenfean rêden it net op.

By de manlju kamen Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat, Dennis Visser en Jasper Brunsmann net yn de problemen. Dêrnjonken pleatsten ek de bruorren Jens en Melle van 't Wout fan Sint-Jânsgea harren foar de heale finales.

It NK shorttrack op Thialf - Foto: Orange Pictures

1000 meter

Den Dulk slagge der op de 1000 meter wol yn om har te pleatsen foar de heale finale fan snein. Dat slagge ek Schulting en De Vries.

Breeuwsma, De Laat en Visser waarden yn harren kwartfinale op de 1000 meter earste. Ek Brunsmann sjogge we werom yn de heale finale. Hy waard twadde yn syn foarronde. Melle van 't Wout rydt snein ek yn de heale finale fan de 1000 meter.

Suzanne Schulting op it NK shorttrack - Foto: Orange Pictures

1500 meter

Op de 1500 meter giene de ferwachte nammen troch. Schulting gie as earste troch yn har heale finale, tegearre mei Lara van Ruijven en Selma Poutsma. Yn de twadde heale finale pleatste ek De Vries har foar de finale, lykas Van Kerkhof en Velzeboer. Wiersma waard ûnderút riden en ek noch taheakke oan de finale.

By de manlju hellen alle shorttrackers út de nasjonale seleksje de finale. Breeuwsma, Brunsmann, De Laat, Hoogerwerf, Visser en Emons sjogge we dus snein werom.

Itzhak de Laat op it NK shorttrack yn Thialf - Foto: Orange Pictures

Omrop Fryslân docht snein live ferslach fan de finales fan it NK shorttrack. It set sneintemiddei om 13 oere útein. Earst folget de 1500 meter, dêrnei de 500 en de 1000 meter. Fan dy lêste twa ôfstannen moatte ek de heale finales noch riden wurde. Oan de ein fan de middei ride de best klassearre riders noch de 3000 meter. It kommentaar fan út Thialf wurdt fersoarge troch Andor Faber.

(advertinsje)
(advertinsje)