SC Cambuur oefenet tsjin KV Mechelen
SC Cambuur spilet sneintemiddei in oefenwedstriid tsjin KV Mechelen. De wedstriid begjint om 15.30 oere en wurdt spile yn it Spaanske plakje Olivia. Dat is net fier fan L'Alfas del Pi dêr't de Ljouwerters op trainingskamp binne.
KV Mechelen is de klup wêr't Lucas Bijker tsjinwurdich ûnder kontrakt stiet. Bijker spile yn it ferline by SC Cambuur en SC Hearrenfean.