€astermar wer gewoan Eastermar

05 jan 2019 - 15:20

Se ha der it hiele jier op sitten; de eurotekens op de plaknammebuorden yn Eastermar. Sneontemoarn binne se fuort helle. De stikkers symbolisearren de miljoenen euro's dy't troch de Postcodeloterij oer it doarp ferdield binne. Mar no't de nije Postcodekanjer yn Glimmen fallen is, is it foar de Eastermarders ek wol klear. Eastermar is wer gewoan Eastermar.

Johanna Brinkman - Foto: Omrop Fryslân

Doarpsbelang Eastermar die freed in oprop op de webside fan it doarp oan de persoanen dy't de stikkers op de buorden plakt ha, om se der no ek wer ôf te heljen. It fersyk fan doarpsbelang en de gemeente Tytsjerksteradiel wie dat dit foar 15 jannewaris barre soe.

Trefwurden: 
Eastermar Postcodeloterij
(advertinsje)
(advertinsje)