Rederij wol alle kosten foar it opromjen betelje

05 jan 2019 - 15:04

De MSC Mediterranean Shipping Company, de reder fan it skip MSC Zoe, seit alle kosten foar it opromjen fan 'e rommel yn it Waadgebiet op harren te nimmen. Dat hat MSC sneon witte litten. Ek seit de reder sykje te bliuwen nei de ferlerne konteners, oant de lêste wêrom fûn is.

Yn de nacht fan tiisdei op woansdei hat de MSC Zoe 277 konteners ferlern op de Noardsee. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske waadeilannen ta dreaun.

Yn de rin fan woansdei binne der al sa'n 20 konteners op Skylge, Flylân, It Amelân en Skiermûntseach oanspield.

Op tongersdei waard der foaral oprêden troch frijwilligers en freedtemoarn binne der militêren nei Skiermûntseach kaam.

Op sneon stapten ier en betiid alwer frijwilligers op de boat om harren stientsje by te dragen.

(advertinsje)
(advertinsje)