OmropTIP: Finales NK shorttrack snein live te sjen

05 jan 2019 - 14:06

De finales fan it Nederlânsk kampioenskip shorttrack yn Thialf binne snein live te sjen by Omrop Fryslân. Fan 13 oere ôf binne de 500 meter, 1000 meter, 1500 meter en de 3000 meter te sjen fia ús webside en yn de Omropapp.

Suzanne Schulting - Foto: www.orange-pictures.nl

By de froulju is de fraach eins net wa't Nederlânsk kampioen wurdt, mar earder wa't twadde wurdt. Want de grutte favorite is fansels Suzanne Schulting. Se is by de shorttrackwedstriden dit seizoen oant no ta yn topfoarm en rydt hast elkenien derôf. Ferline jier waard Schulting siik yn it wykein fan it NK en ûntbruts se, mar dit jier is se der wol by. Se sil sjen litte wolle dat de foarm yndie top is, hielendal mei it each op it Europeesk kampioenskip fan takom wike yn eigen lân.

Mooglik dat Rianne de Vries it Schulting wol lestich meitsje kin. Se liket op it NK patint te hawwen op tredde plakken, dêrfan hat se der al fiif. Mar De Vries sil no ek mear wolle. Ek fan bûten Fryslân komt der fansels konkurrinsje. Avalon Aardoom, Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof meitsje ûnderdiel út fan de nasjonale seleksje en sille ek meistride om de poadiumplakken.

Daan Breeuwsma yn aksje - Foto: orange-pictures.nl

By de manlju is Daan Breeuwsma de titelferdigener. Ek dit jier heart hy wer by de favoriten. Hielendal no't de beste Nederlânske shorttracker, Sjinkie Knegt, útskeakele is mei in blessuere. De oare Friezen Itzhak de Laat, Dennis Visser en Jasper Brunsmann sille mei Breeuwsma útfjochtsje moatte wa't him ta Nederlânsk kampioen bekroane mei. Dêr by mei ek Dylan Hoogerwerf net fergetten wurde. Hy komt út in wat mindere perioade, mar sil mei it each op it EK sjen litte wolle dat hy it noch altyd kin.

Sneintemiddei om 13 oere sette de finales fan it NK shorttrack útein. Earst folget de 1500 meter, dêrnei de 500 en de 1000 meter. Fan dy lêste twa ôfstannen moatte ek de heale finales noch riden wurde. Oan de ein fan de middei ride de best klassearre riders noch de 3000 meter. It kommentaar fan út Thialf wurdt fersoarge troch Andor Faber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)