LIVEBLOG: Dei 4 fan it kontenerdrama

05 jan 2019 - 20:25

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei 277 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske waadeilannen ta dreaun. Yn de rin fan woansdei binne der al sa'n 20 konteners op Skylge, Flylân, It Amelân en Skiermûntseach oanspield. Op tongersdei waard der foaral oprêden troch frijwilligers en freedtemoarn binne der militêren nei Skiermûntseach kaam. Op sneon stapten ier en betiid alwer frijwilligers op de boat om harren stientsje by te dragen.

20:29
Ein fan dit liveblog

Dei 4 fan de kontenerramp is foarby en wy slute dit liveblog ôf. Op alle strannen, seediken en op it wetter yn it Waadgebiet is sneon de hiele dei wer mei man en macht wurke om de boel op te rêden. Ek snein binne der op ferskate lokaasjes wer opromaksjes.

Jim kinne snein wer de lêste stân fan saken folgje by Omrop Fryslân. Foar no allegear tige tank foar it folgjen!

20:27
Op Skiermûntseach is moarn gjin help nedich. Op dizze kaart kinst sjen wêrst helpe kinst
20:11
Andries Koornstra fan de HA41 wie hjoed op it Waad oan it skjinmeitsjen

Skipper Andries Koornstra

Skipper Andries Koornstra fan de Harnzer fiskerskotter HA41 is sneon it Waad op west om te himmeljen. Simone Scheffer socht him op doe't hy werom yn de haven kaam.

19:18
Foarearst gjin help mear nedich op Skiermûntseach

De gemeente Skiermûntseach lit witte dat der snein foarearst gjin help nedich is op it eilân. In grut part fan it strân is op dit stuit skjin makke. Wol ferwacht de gemeente dat der de kommende dagen, en miskien wol moannen, noch in soad spul oanspiele sil op it eilân. Wannear't dat nedich is, docht de gemeente dan graach wer in berop op frijwilligers.

19:09
Sa sjocht it ôffal op Skiermûntseach der fan boppe ôf út

Sa sjocht it ôffal op Skiermûntseach der fan boppe út

18:32
De garnalekotters HA4, HA41 en de WR88 binne binnen yn Harns mei troep út de Waadsee
18:24
In oersjoch fan de dei
(Advertinsje)
(Advertinsje)