Kollum: "Igor en Swartsje"

05 jan 2019 - 07:21

"It is ferhipte ûngelyk ferdield yn de wrâld, bêste minsken. Snoetje en Pluisje, de katten fan Geert Wilders, ha sawat 11.000 folgers op Twitter. It iennichste dat se dogge is leaf yn de kamera sjen en jo in goed nijjier of wykein winskje. Ik folgje se ek net, want wy ha twa echte stoere katten. Se hjitte ek net Snoetje en Pluisje, mar Igor en Swartsje. Dat lêste hat gjin rasistysk motyf, mar gewoan, omdat it bist swart fan kleur is. Ik sis it der mar even by, want it kin tsjintwurdich net folle lije as it om dit soarte saken giet.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Goed, Igor, ús reade boarre en Swartsje, syn bloedeigen sus. Se kinne net sûnder elkoar en se ha soms in hekel oan de oar. Krekt echt. Berne en grutbrocht yn Boarnburgum, dêr koene se fansels elk hoekje. Igor is mak, dy kin nea genôch oandacht krije. Swartsje is net fan it aaien, dy lit har ek net pakke, want dan set se it op in rinnen.

Brokjes frette dogge se beide, dêr is de baas dan wol goed genôch foar. Igor hat yn syn libben in jier as wat poater west, mar op in dei siet er wer op de terrastafel as hie er nea fuort west en sûnt dy tiid is er honkfêst. Se binne beide like âld as myn earste roman, Guozzeflecht. Dy spilet foar in part yn Ruslân, dus lei Igor foar de hân as namme foar in reade boarre fan in dei as wat.

En doe kaam der in dei dat de baas en de frou it hûs ferkochten en yn in oar plak harren te wenjen setten. De katten moasten mei, want dêr binne we wiis mei. Swartsje ha ik yn in marterkoai fongen, it bist wie oars net te krijen. Dus moast se even troch de soere apel hinne bite.

It ritsje nei it nije hûs wie net sa lang. Igor moast mar yn in doaze, sa wie it plan. No hie hy dêr wat in oar idee oer. It bloed streamde my by de hannen del, mar Igor yn in doaze soe neat wurde. Ik sei dat er mar neist my op de byridersstoel sitte moast.

No hat Igor it skurft oan auto's en no sette de baas him der ek noch yn. Mar ja, it koe net oars. Wy woene him net achterlitte. Hy wie aardich benaud en krûpte earst by my op skoat, dêr jankte er wat om, yn antwurd op sus Swartsje, dy't achter yn de bus stie. Ik ha him gerêststeld en wakker oer de kop aaid. Dat holp al.

Op in stuit klom er op de hollesteun achter my en lei syn poat op myn bosk krollen. Sa binne we yn goed oerlis nei It Feen riden. Nee, net nei it Fean, mar nei It Feen, ús nije wenplak."

(Advertinsje)
(Advertinsje)