Automobiliste ferstoarn by ûngelok yn Britswert

In automobiliste is freedtejûn ferstoarn by in ûngelok yn Britswert. De frou rekke mei de auto yn in sleat neist de dyk. It ûngelok barde om kertier oer tsienen hinne op de Froonackerdyk.
Auto te wetter yn Britswert
De helptsjinsten waarden massaal oproppen. Neist de brânwacht fan Frjentsjer en Mantgum, waarden ek dûkers út Snits en it oerflakte-rêdingsteam fan Grou alarmearre. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net dúdlik. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht.
© BTBfotografie