UNIS Flyers bliuwt HIJS Hokij de baas en wint njoggende BeNe-League-duel

UNIS Flyers hat freedtejûn yn Den Haag mei 3-2 wûn fan HIJS Hokij. De iishockeyers fan It Hearrenfean ha dêrmei njoggen fan de tsien BeNe-League-duels op harren namme skreaun.
© www.orange-pictures.nl
Todd Ratchford makke nei goed trije minuten yn de earste perioade de iepeningstreffer. Pas yn de twadde perioade kamen de Hagenezen op likense hichte troch in goal fan Donny van Musscher: 1-1. Dêrnei gie it rap mei de punten, want Kevin Nijland brocht de Flyers wer op foarsprong nei assists fan Tony Demelinne en Ronald Wurm.
Dy foarsprong duorre lykwols koart. Goed in heale minút letter sette Levi Boer fan HIJS Hokij de stân op 2-2. Mar Adam Bezak fan UNIS Flyers wist noch foar it ein fan de twadde perioade de stân op 3-2 te bringen. Yn de tredde perioade slaggen beide teams der net mear yn om te skoaren.
UNIS Flyers treft sneontejûn yn de Elfstedenhal yn Ljouwert de iishockeyers fan Microz Eaters Limburg út Geleen.