Soarchoanbieders Ljouwert komme mei eigen konvenant

04 jan 2019 - 23:01

De grutste soarchoanbieders yn Ljouwert ha foar it ein fan dizze moanne ôfspraken op papier stean oer hoe't sy soarch leverje kinne yn de gemeente. De grutste oanbieders fan no, ûnder oare soarchynstelling Amaryllis, GGZ Fryslân en soarchgroep Alliade komme uterlik 23 jannewaris mei in eigen konvenant. Se skriuwe dat yn in brief oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de gemeenteried.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Yn Ljouwert is op it stuit in soad te dwaan om de soarch. Der moat de kommende jierren foars besunige wurde op it saneamde sosjaal domein. Der is 3,6 miljoen euro minder beskikber. It kolleezje kaam mei in plan foar in soarchalliânsje. Dat plan waard lykwols kreake troch soarchoanbieders, de advysgroep sosjaal domein en ek in grutte mearderheid fan de gemeenteried. Dy joech by de lêste gearkomste oan dat it plan sa't it der no leit fan tafel moat. De ried wol ek dat it kolleezje it konvenant fan de soarchoanbieders serieus nimt.

Eigen plan

De gearwurkjende soarchoanbieders hiene earder al oanjûn te wurkjen oan in eigen plan. Dêryn stelle sy dat se tinke foldwaan te kinnen oan de eask om foars te besunigjen. It giet om in bedrach fan 3,6 miljoen euro fan 2020 ôf. Dêryn stiet hoe't se útfiering jaan wolle oan alle saneamde WMO-taken, Wet Maatschappelijke Ondersteuning. It is har allinnich noch net dúdlik hoefolle jild der no beskikber is foar de soarch yn Ljouwert. Ein desimber ha se om opheldering frege fan de gemeente, mar antwurden ha se noch net krigen.

De soarchoanbieders jouwe yn de brief oan dat se it fan grut belang fine dat in soad organisaasjes dy't no belutsen binne by alle foarmen fan soarch yn Ljouwert har oanslúte by it konvenant. It is troch de tiidsdruk allinnich net slagge elkenien der by te belûken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)