"Oaljerampeplan moat ynset wurde om Waadgebiet wer skjin te krijen"

04 jan 2019 - 22:50

In tal Fryske boargemasters wol dat minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat sa gau as mooglik in rampeplan ynstelt foar de fersmoarging fan it Waadgebiet troch de oerboard sleine konteners. En direkteur Lutz Jacobi fan de Waadferiening fynt dat der praat wurde kin fan in ekologyske ramp.

Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

Boargemaster Gerard van Klaveren fynt dat de swierrichheden mei de oanspielde konteners op in koördinearre wize oanpakt wurde moatte. "Het zou verstandig zijn dat de minister een beroep doet op de 'samenwerkingsregeling bestrijding kustverontreiniging'. Deze ramp laat zich vergelijken met een olieramp. Wanneer die samenwerkingsregeling wordt ingesteld, dan kan de ramp ook op een gecoördineerde manier worden bestreden", seit Van Klaveren.

Syn kollega-boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach is it iens mei it idee fan Van Klaveren. "Het zou handig zijn om het plan in werking te stellen", seit Van Gent. De boargemasters hâlde nau kontakt oer de wize wêrop't de fersmoarging oanpakt wurde moat.

Boargemaster Bert Wassink fan Skylge: "We gaan maandag een besluit nemen of we een beroep doen op die samenwerkingsregeling. We hebben als burgemeesters maandag weer overleg. Als dan blijkt dat er weer containers zijn opengebarsten, zullen de situatie opnieuw bekijken. Dat dit een ecologische ramp is, staat voor mij wel vast. Of het ook een nationale ramp is, vind ik nu nog niet in te schatten."

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

"It is écht rampsillich"

De Waadferiening wol dat de problematyk in ramp neamd wurdt. "Ast sjochst nei hoe grut de problemen op it stuit binne, al dat pypskom op safolle plakken yn en om it Waadgebiet, dan kin ik net oars konkludearje dan dat it in ramp is", seit Jacobi. Dat der minsken binne dy oan it wurd 'ramp' twivelje, giet der by de direkteur net yn: "Litte wy dêr no net oer diskusjearje, it is écht rampsillich, sa'n grutskalige situaasje."

Jacobi wie freed de hiele dei yn 't spier op Skylge om frijwilligers te stypjen by it opromjen fan it oanspielde guod. "Ik ha op Skylge mei in frou praat dy't my fertelde dat se op it eilân noch jierren en jierren lang skuon fine dy't út konteners komme dy't earder in kear fan board slein binne. Ast dat realisearrest, dan kinst ek betinke hoelang't wy noch lêst hâlde fan 270 konteners mei guod."

Krisissituaasje of ramp?

Yn ús lân hawwe boargemasters, ministers of it steatshaad it foech om in saneamde krisissituaasje út te roppen ta ramp. De oerheid sil dan earst prate oer in krisis en operearje út in krisissintrum wei.

De direkteur fan de Waadferiening kin har emoasjes mar dreech de baas wêze. "Ik bin echt hiel lilk. Mei de skipfeart is it lestich ôfspraken te meitsjen. Dat dy konteners bygelyks net in chip hawwe wêrtroch'tst dy konteners maklik wer werom fine kinst, dat begryp ik echt net. Der is ek wol reden wêrom't ik sa lilk bin: de natuer kin nammentlik net foar harsels opkomme. Dus dogge wy it", sa beslút Jacobi.

(advertinsje)
(advertinsje)