Brok sprekt soargen út oer gefolgen fan oanspield kontenerguod

04 jan 2019 - 22:07

Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat yn syn nijjierstaspraak op it Provinsjehûs yn Ljouwert syn soargen útsprutsen oer de gefolgen fan de konteners dy't oanspiele op de Waadeilannen. Neffens Brok kinne de konsekwinsjes dêrfan noch jierren duorje. Hy frege him yn de nijjierstaspraak ôf hoe't it no misgean koe mei it grutte kontenerskip MSC Zoe.

Brok sil sneon nei Skiermûntseach ta om him op de hichte stelle te litten oer de situaasje mei de konteners. Dat docht er mei de regiokommandant Noord fan Definsje. "It is ek om morele stipe te jaan", seit de kommissaris.

"Njonken de wille oer de fynst fan alle My Little Pony's is der soarch oer de gefolgen foar de kwetsbere natuer. It is goed om te sjen dat MSC syn ferantwurdlikens nimt en de skea regelje wol", seit Brok.

Yn dit soart situaasjes hat de kommissaris ek in formele funksje. Sa moast Brok syn hantekening sette ûnder het beslút om militêren nei Skiermûntseach te stjoeren. "Formeel bin ik rykshear en hear ik de minister advys te jaan yn dizze situaasje, as dat nedich wêze soe. De Fryske boargemasters dogge oant no ta lykwols prima harren wurk."

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Kommissaris fan de Kening Arno Brok makket him soargen

"De My Little Pony's yn it wetter, dat is al net bêst, mar it giet my om de giftige stoffen."

Fierder hie Brok it yn syn nijjierstaspraak oer it Rembrandtjier. "It is it jier fan de Gouden Iuw, 350 jier nei it ferstjerren fan Rembrandt." Ek woe de Kommissaris omtinken freegje foar it Steatejacht Friso dat 125 jier ferlyn fan de werf kaam en yn maaie 65 jier wurk docht as Steatejacht.

Jongerein

Ta einbeslút rjochte Brok him op de jongerein yn Fryslân: "Hjoed binne hjir op ús spesiale útnûging jongeren te gast dy't dit jier foar it earst of faaks foar de twadde kear stimme meie. It boadskip oan de jongerein is dat we ús yn dit hûs besykje yn te setten foar jim takomst. Dêrby wolle we graach witte wat jim wichtich fine. Dat kin troch fan 'e jûn en op oare momenten mei jim yn petear te gean. Dêrom is it dat we soargje moatte dat elkenien dêr in bydrage oan leveret troch te stimmen. It giet oer de takomst fan de leefomjouwing en ús lânskip, oer wat it erfskip fan Kulturele Haadstêd no krekt ynhâlde sil oer hoe't we de sfear fan ferline jier festhâlde kinne", spruts Brok de oanwêzige jongeren ta.

(advertinsje)