Cambuur fisket efter it net: Druijf nei NEC
Ferdy Druijf giet net nei SC Cambuur. De spits fan Jong AZ makket it seizoen op hierbasis ôf by NEC. Tongersdei fertelde Foeke Booy, technysk manager fan Cambuur, noch dat de klup in petear hân hat mei Druijf, mar dat der mear ynteresse wie. Freed makken AZ en NEC bekend dat se in oerienkomst berikt hawwe.
Cambuur sil dus op syk moatte nei in oare oanfaller. Ek sykje de Ljouwerters noch in kreative middenfjilder. De transferperioade is noch iepen oant en mei 31 jannewaris.