Militêren helpe it hiele wykein op Skiermûntseach

04 jan 2019 - 20:53

De hûndert militêren dy't nei Skiermûntseach takommen binne om de rommel op de strannen op te romjen, helpe ek sneon en snein noch mei. Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat tastimming oan it leger jûn om langer te bliuwen. Neffens majoar Jan Venekamp is der freed safolle guod oanspield op Skiermûntseach, dat de help hurd nedich is.

Nei alle gedachten sil der freedtenacht troch it wetter en de wyn mear guod oanspiele. Om njoggen oere sneontemoarn hinne, as it wer leechwetter wurdt, sil besjoen wurde hoefolle nij guod oanspield is.

Oft de militêren ek nei snein op it eilân helpe mei opromjen, wurdt yn de rin fan sneon of snein besletten. Definsje seit dat de militêren fleksibel binne as de help op in oar eilân hurder nedich is.

Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber
(advertinsje)
(advertinsje)