FIDEO: De nijierstaspraak fan kommissaris fan de Kening Arno Brok
"Wolkom yn 2019!", sei kommissaris fan de Kening Arno Brok freed yn syn nijjierstaspraak. Brok hie it yn syn taspraak ûnder oare ek oer de kontenerramp. Hy sei dat er grutsk is op de mienskipssin dy't ûntstien is by it opromjen fan it guod dat oanspield is mei de konteners.
Dé nijjiersresepsje fan it kolleezje fan Deputearre Steaten is neffens tradysje op it Provinsjehûs yn Ljouwert. Alle ynwenners en relaasjes fan de provinsje Fryslân binne fan herte wolkom op dy gearkomste.