Boargemaster Bert Wassink: "Nu niet genoeg werk voor vrijwilligers"

Op dit stuit is de rommel op Skylge sa goed as fuort en binne dêr gjin frijwilligers mear nedich om de strannen skjin te meitsjen. Dat seit boargemaster Bert Wassink fan Skylge.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
"Het is onvoorstelbaar eigenlijk. Er is drie dagen lang keihard gewerkt", sei Wassink. Minsken dy't freed of letter it plan hiene om nei Skylge te gean, krije it advys om te sjen oft se op oare eilannen helpe kinne. Mooglik hat Skylge letter noch wol ferlet fan help.
Troch it wetter en de stoarmeftige wyn dy't foar nije wike foarspeld is, kin der noch guod oanspiele. As der dan wer hannen nedich binne om de strannen skjin te meitsjen, sil de boargemaster opnij in oprop dwaan.

Flylân ek skjin

Ek op Flylân is sawat alles oprêden en binne der gjin frijwilligers mear nedich foar it skjinmeitsjen.