Ferkear fêst op N7 by Snits troch ûngelok
In ûngelok op de N7 by Snits hat freed oan it ein fan de middei foar in lange file soarge. Om kertier foar fiven botsten twa auto's opinoar.
De helptsjinsten wiene gau te plak. De ynsittenden fan de auto's binne neisjoen troch ambulânsepersoniel. It is net bekend hoe't se der oan ta binne. Der wurdt noch ûndersocht hoe't it ûngelok barre koe.