Strafrjochtlik ûndersyk ynsteld nei de kontenerramp

Der sil in strafrjochtlik ûndersyk ynsteld wurde nei it oerboard slaan fan de 277 konteners fan it kontenerskip MSC Zoe. Dat meldt de Kustwacht Nederland.
© Kustwacht Nederland
It ûndersyk wurdt útfierd troch it Team Maritieme Politie en de Inspectie Leefomgeving en Transport. It ûndersyk stiet ûnder lieding fan in offisier fan Justysje fan it Functioneel Parket, in lanlik operearjend ûnderdiel fan it Iepenbier Ministearje.
It Functioneel Parket seit yn in parseferklearring dat it ûndersyk yn folle gong is en kin dêrom net ynhâldlik reagearje. It ûndersyk is neffens harren rjochte op de fraach of de ûntstiene skea it gefolch is fan strafber hanneljen. It ûnderwerp fan it ûndersyk is oft immen, en wa, ferantwurdlik hâlden wurde kin foar de fersmoarging yn it Waadgebiet. Ek wurdt der ûndersocht hoe't it skip, de MSC Zoe, safolle konteners ferlieze koe en oft bygelyks de wet 'ter voorkoming verontreiniging door zeeschepen' oertrêden is.
It Functioneel Parket lit it folgjende witte:
"Er loopt een strafrechtelijk onderzoek door de Maritieme Politie in samenwerking met Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT) onder leiding van een officier van justitie van het Functioneel Parket.
Dit onderzoek richt zich op de vraag of de ontstane schade het gevolg is van strafbaar handelen.
Onderwerp van onderzoek is of we iemand -en zo ja dan wie- we verantwoordelijk kunnen houden voor de verontreiniging die is ontstaan.
Onderzocht wordt hoe het schip zoveel containers kon verliezen en of bijvoorbeeld de wet ter voorkoming verontreiniging door zeeschepen is overtreden."