Tredde fertochte fjoerwurkdrama Moarre frijlitten

De plysje hat de tredde fertochte yn it fjoerwurkdrama fan Moarre frijlitten. It giet om in man út Eanjum. Twa oare fertochten dy't mooglik belutsen wêze soene by de dea fan de 41-jierrige man kamen earder al frij.
© De Vries Media
It slachtoffer út Moarre kaam âldjiersjûn om it libben by it ôfstekken fan swier yllegaal fjoerwurk. De plysje lit witte dat de ferklearringen fan de trije manlju no fierder besjoen wurde. It Iepenbier Ministearje sil dan yn in letter stadium bepale oft der genôch oanlieding is foar in strafsaak.