Pypskom yn Noard- en Waadsee is gjin ôffal foar Buwalda

Der lizze al meardere kúbs oan pypskom by it hok fan Riens Buwalda. Wannear't hy it spul troch de shredder hellet wurdt it omset yn lytse kerreltsjes dy't hiel geskikt binne as isolaasjemateriaal.
Pypskom yn Noard- en Waadsee is gjin ôffal
It pypskom oan de kust komt fan de MSC Zoe út Panama. Dat is ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld. Dat hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei 270 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen ta dreaun.