Proef mei peilferheging yn Lauwersmar útsteld

04 jan 2019 - 14:47

De proef mei peilferheging yn 'e Lauwersmar is op 'e nij útsteld, yn elts gefal oant 2020. Dat ha de belutsen wetterskippen yn Fryslân en Grinslân besletten. De proef is ferskood om't de inisjatyfnimmers earst de boaiemproseduere by de Raad van State ôfwachtsje wolle.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Doel is dat it peil yn 'e Lauwersmar tydlik mei 40 sintimeter ferhege wurdt, om't dat goed wêze soe foar de natuerûntwikkeling. Mar in protte boeren en rekreaasjeûndernimmers binne ûnder oaren benaud foar ferswakking fan kades en sâltich wurden fan de lânbougrûn. Sy makken dêrom beswier by de Raad van State. Yn 2017 waard de proef ek al útsteld.

(advertinsje)
(advertinsje)