Minister Van Nieuwenhuizen reagearret op fragen oer kontenerskip

04 jan 2019 - 14:32

Der wurdt neffens minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat mei "man en macht" wurke oan it skjinmeitsjen fan it wetter en de strannen, nei it oerboard slaan fan de 277 konteners fan it kontenerskip MSC Zoe. Dat skriuwt se yn in brief oan de Twadde Keamer, neidat sy fragen krige fan Frysk CDA-Keamerlid Maurits von Martels.

Foto: ANP

Yn de brief leit se út wat der krekt allegear dien wurdt, mar skriuwt tagelyk dat se noch net oanjaan kin wat de skea fan de ferlerne konteners en de lading is. Wol seit de minister dat fan de 277 ferlerne konteners, der 35 lokalisearre binne.

It 400 meter lange kontenerskip hie 19.000 konteners oan board, doe't it yn de nacht fan 2 jannewaris op de Noardsee boppe de Waadeilannen misgie. It skip leit no yn Bremerhaven. De Dútske autoriteiten ûndersykje hoe't it ûngelok barre koe.

(advertinsje)
(advertinsje)