Elfstedenhal freedtejûn wer iepen nei technyske steuring

De iishal yn Ljouwert is freedtemiddei ûnferwachts tichtgien. Reedriders waarden fan it iis fan de Elfstedenhal helle fanwege in steuring yn de software fan de technyske ynstallaasje.
Elfstedenhal freedtejûn wer iepen
Dy wie koart stillein foar in lytse reparaasje, mar doe't se de masines wer opstarte woene, die de software it net. Troch de steuring waard it iis sêft en koe der net langer op riden wurde. Der wiene op dat momint sa'n 500 minsken op it iis. Dy krije allegear in frijkaartsje om in oare kear del te kommen.
Freedtemiddei wie de steuring wer foarby. Freedtejûn sil de hal wer iepen gean.
© Omrop Fryslân
Simone Scheffer yn petear mei Johan van der Kooi, direkteur fan de Elfstedenhal