Gjin heger berop yn dug-outdrama Twizel

It Iepenbier Ministearje giet net yn heger berop yn it dug-outdrama fan Twizel, sa is freed bekend wurden. Op tongersdei 20 desimber waard fuotbalferiening sc Twizel yn 'e rjochtsaak frijsprutsen fan 'dea en swier lichaamlik letsel troch skuld'.
© ANP
Yn maaie 2014 stoarte by in kuorbaltoernoai, op de fuotbalfjilden fan sc Twizel, in dug-out yn. Dêrby kaam ien famke om it libben en rekke in oantal oare bern ferwûne. No't it Iepenbier Ministearje gjin heger berop ynstelt, is de frijspraak foar de fuotbalklup definityf. It bestjoer fan fuotbalferiening Twizel wol no in streek sette ûnder dizze tryste en gefoelige strafsaak.