CDA fielt minister Van Nieuwenhuizen oan de tosk oer de konteners

04 jan 2019 - 13:04

It CDA-Twadde Keamerlid Maurits von Martels hat Keamerfragen steld oer de 270 konteners dy't yn de Noardsee oerboard fallen binne. De fraksje wol fan de minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, Cora Nieuwenhuizen, ûnder oare witte wat de korrekte prosedueres binne by it ferheljen fan de skea.

Ek wol de fraksje witte wat de oarsaak fan it ynsidint west hat, oft Nederlân gearwurket mei oare lannen yn dit ûndersyk en of de minister har ynsette wol foar it chippen fan konteners, sadat dy earder fûn wurde kinne. It CDA wol ek witte oft der noch strafrjochtlike maatregels naam wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)