Spesjale kampanje foar bern dy't troch jildkrapte net sporte kinne

Sa'n 13.000 bern yn Fryslân dogge net mei oan sport of kultuer troch jildkrapte yn harren gesin. Om dizze bern dochs meidwaan te litten is der jild beskikber steld fan de oerheid út, mar dizze bern binne hiel dreech te finen. Derom is der tongersdeitejûn in spesjale kampanje fan start gien fan it Jeugdfonds Sport en Cultuur.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Wytze Visser fan it sportfûns seit dat de problemen by de jongerein net goed sinjalearre wurde. "Alden sizze bygelyks net gau dat sy de mooglikheden net hawwe om harren bern sporte te litten." It fûns wol de bern graach fia yntermediêrs berikke. "Dat kinne skoalmasters, ferieningen oft jongereinwurkers wêze, dy't sjogge dat in bern earne yn efter bliuwt. Dan kinne se ús in seintsje jaan en dan kinne wy it yn it wurk stelle dat dy bern wol komme kinne."
Fia in posteraksje hopet de organisaasje dizze bern te berikken en se te stypjen yn harren sport of kulturele aktiviteit. Op de poster steane bekende persoanen, sa as fuotbaltrainer Henk de Jong, akteur Rutger Hauer en iishockeyspiler Tony Demelinne.
Willem de Vries yn petear mei Wytze Visser fan it Jeugdfonds